Springe nei ynhâld

Aleksander Petsjersky

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 mai 2019 om 20.52 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Wist net dat wy: it al hie)
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Aleksander Petsjersky
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Aleksander Aronovitsj Petsjersky
nasjonaliteit Russysk
berne 22 febrewaris 1909
berteplak Krementsjûk
stoarn 19 jannewaris 1990
stjerplak Rostov oan de Don
etnisiteit Oekraynsk
wurkpaad
tsjinsttiid 1941-1942
yn tsjinst fan Sovjet-Uny
legerûnderdiel Reade Leger
heechste rang Kaptein
konflikt(en) Twadde Wrâldoarloch
ûnderskiedings Medalje foar de Wapene Striid (1951)
Medalje "Foar de Oerwinning op Dútslân yn de Grutte Patriotyske Oarloch 1941–1945"
oar wurk Oanfierder opstân kamp Sobibór
Betinkingsmonumint foar Petsjersky yn Tel Aviv

Aleksander (Sasja) Aronovitsj Petsjersky (Russysk: Алекса́ндр Аро́нович Пече́рский) (Krementsjûk (no: Oekraïne), 22 febrewaris 1909Rostov oan de Don, 19 jannewaris 1990) wie in Russysk-Joadsk ofsier en organisator en oanfierder fan de opstân fan de Joadske finzenen yn it ferneatigingskamp Sobibór yn Poalen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Hy waard berne as soan fan in Joadske abbekaat, dêr't de famylje fan yn 1915 ferhuze nei Rostov oan de Don. Ynearsten waard er elektrisien. Nei in universitêre stúdzje muzyk en literatuer, gyng er oan't wurk oan in muzykskoalle. Hy hie de rang fan luitenant yn it Reade Leger op it stuit dat de Dútskers Ruslân ynfoelen op 22 juny 1941. By de Slach om Moskou waard er kriichsfinzene makke troch de Dútskers ûnder Vyazma. Fan doe ôf oan begûn de lijenswei fan it iene wurkkamp nei it oare strafkamp, dêr't by in medysk ûndersyk oan it ljocht kaam dat er in Joad wie.

Neitins

  • Revolt in Sobibor: syn eigen tsjûgenis yn in Russysk-Dútske dokumintêre oer de reboelje yn Sobibór út 1989 fan Pavel Kogan.
  • Escape from Sobibor, in telefyzjefilm út 1987 dêr't de rol fan Aleksander Petsjerski yn spile wurdt troch Rutger Hauer.
  • Sobibor, 14 Octobre 1943, 16 heures, 2001, dokumintêre fan Claude Lanzmann
  • Yn de Israëlyske stêd Safed waard in strjitte nei him ferneamd.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: