Springe nei ynhâld

Jeth

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 mai 2013 om 22.13 troch Addbot (oerlis | bydragen) (Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q13136406)
Lokaasje yn de gemeente Littenseradiel

Jeth is in buorskip yn de gemeente Littenseradiel en leit noardwestlik fan it doarp Britswert. Jeth leit oan de Jaanfeart en de dyk nei Skillaard, oan dy dyk steane in stikmannich pleatsen. Ien fan de boerepleatsen hjit Abbingastate.

Ferskaat

  • De 8 fan Jeth is in jierliks (ynternasjonaal) evenemint yn de hynstesport, besteande út acht-foarmige rûte tusken Wiuwert en Britswert foar maratonweinen (inkel-, dûbel- en fjouwerspan) mei acht hindernissen, organisearre troch it pleatslik fokbedriuw foar Fryske hynders (Jeth nr. 5).
  • By de pleats op Jeth nr. 9 sit in boerekamping De Greidhoeke.