Springe nei ynhâld

Hilaard

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 aug 2018 om 18.58 troch 77.166.15.34 (oerlis)
Hilaard
Flagge fan Hilaard Wapen fan Hilaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hilaard
Gemeente Ljouwert (gemeente)
Ynwennertal (2006) 340
Webstee Webstee Hilaard
de himrik fan Hilaard
De Johannes de Dopertsjerke

Hilaard is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp by de N359 hat likernôch 340 ynwenners (2006). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Hilaard diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neidat it sûnt 1984 by Littenseradiel kaam, kaam it yn 2018 by de gemeente Ljouwert.

Skiednis

Al fier foar 1500 stie hjir in state, dy't nei 1511 besit wie fan Hobbe Doekes en bewenne waard troch Meynert Tyessinga. De stins waard dêrnei Tsjessingastate neamd. Fan de 16e iuw ôf waard it eigendom fan de famylje Fan Aylva. Hobbe fan Aylva stoar op 14 juny 1645 yn Hilaard. De midsiuwske tsjerke fan Hilaard hat noch in tinkstien ta neitins oan Hobbe van Aylva en syn frou Frouck.
Yn de 18e iuw wie de state bekend as Mockemastate. De state is yn 1749 ôfbrutsen. It grutte poartegebou gie pas yn 1799 plat. Yn 2000 binne de fûneminten dêrfan bleatlein. It doarpswapen hat twa gouden leeljes, dy't ferwize nei de wapens fan de famyljes Fan Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. De blauwe baan yn de flagge ferwiist nei de Hilaarder Feart.

De Doleânsje hat it doarp yn twaën splitst.

Begjin tweintichste iuw hie Hilaard in koöperative molkfabryk en in flaaksfabryk dy't letter ôfbaarnd is.

Doe't de Johannes de Dopertsjerke restaurearre waard, kaam it "ûnderdûkershol" út de Twadde Wrâldoarloch wer foar it ljocht. Dêrfoar is in plakette makke.

It besjen wurdich

It besjen wurdich yn Hilaard binne de trettjinde-iuwske toer en it Goatysk tsjerkje en it grêfmonumint út 1656 foar Hobbe fan Aylva en Frouck fan Aylva.
De eardere grifformearde tsjerke kaam yn 2000 frij doe't de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Hilaard yn it ramt fan 'e ienwurding fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân de lapen gearsmieten. Sûnt is it gebou yn gebrûk troch Koptysk-Otterdokse Tsjerke. Yn Hoptille stiet noch it tolhûs mei it Boalserter wapen.

Doarpswapen en flagge

Yn it skyld stiet in klokfoarmige dieling fan blau en goud. Dy dieling ferwiist nei de unike klokgevel fan de yn giele stien oplutsen toer. Dêrom is it ûnderste diel ek fan goud. Yn it blau steane twa gouden leeljes, dy't beide ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. Beide famyljewapens binne foar it measte part blau.
It wichtigste middel fan bestean yn dizze omkriten is de feefokkerij, dêrom dan ek in kowekop fan it Frysk swartbûnte ras yn it gouden fjild: In swarte kowekop mei in kylblês (wyt).
It skyldhaad is read mei in sulveren krús. Dit tsjut op it Laam Gods en is in attribút fan Jehannes de Doper. Jehannes wiist op Jezus as it laam fan God dat de sûnde fan de wrâld weinimt. Yn de tsjerklike en heraldyske tradysje draacht it Laam fan God in wyt findel mei in read krús. Om estetyske redenen binne de kleuren fan it findel omkeard. De betsutting feroaret dêr lykwols net om. It read is it bloed fan Kristus en it wyt is de himelske reinheid. It reade skyldhaad mei it sulveren krús wol dit werjaan.

De flagge

De flagge hat, lykas it wapen, de unike klokfoarmige yndieling, diskear yn't read, wêryn't de giele leelje út it wapen stiet. Oanslutend op de klok in blauwe baan, dy't foar de Hilaarder Feart stiet. Dizze feart rint benoarden it doarp nei it easten en dan mei in bocht wer nei it westen, krekt as yn de flagge. Eartiids wie de feart in wichtig kommunikaasjemiddel mei de bûtenwrâld foar Hilaard. De flecht fan de flagge is giel, dat ferwiist nei it ûnderste diel fan it wapen.

Mienskip

De feriening foar Doarpsbelang hjit Hilaard - Hoptille. De doarpskoalle hat as namme De Reinbôge.

Tsjerken

Ferienings

  • Hilaardich - toaniel
  • Nij Begjin - biljerten
  • Mei In Oar Ien - keatsen
  • Hy Night organisearret it jierlikse tintefeest

Sjoch ek

Keppeling om utens