Springe nei ynhâld

Ingveonismen

Ut Wikipedy

De Ingveonismen binne in stikmannich taalkundige fernijings yn de Westgermaanske talen, dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium foardienen. Yn dizze fernijings lizze foar in grut part de ferskillen tusken de Noardwestgermaanske talen en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols al sa dat de Ingveonismen har foar in part ek oppenearre hawwe yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen. De Heechdútske talen hawwe dêrfoar gjin part oan de Ingveonismen hân.

Oersjoch

De wichtichste Ingveonismen binne:

  • Ienheidsmeartal fan tiidwurden
  • Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden
  • Nasaalútfal
  • Assibilaasje

Dêrnjonken wurde lykwols ek noch oare feroarings beskôge as Ingveonismen. Hjirûnder wurde de ferskate Ingveonismen toand út de ferskillen tusken Noarwestgermaansk Ingelsk en Frysk, Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk Nederlânsk en Súdwestgermaansk - Heechdútsk Dútsk.

Ienheidsmeartal fan tiidwurden

By de talen oars as de Heechdútske talen waarden de ferskillende ferbûgings wei fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden.

Bygelyks, de ferskate talen hawwe de neikommende persoansfoarmen foar it tiidwurd "hawwen":

persoan Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
1e meartal have hawwe hebben haben
2e meartal habt
3e meartal haben
meartalfoarmen ienheidsmeartal ienheidsmeartal ienheidsmeartal ôfsûnderlik

Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden

By de Noardwestgermaanske talen waard it aparte, weromwurkjend foarnamwurd fan de tredde persoan wei, en wurdt ferfongen troch foarmen fan it oanwizend foarnamwurd.

Bygelyks, yn sinnen as "Hy wasket him.", hawwe de talen yn it iental de neikommende weromwurkjende foarnamwurden:

persoan Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
3e manlik himself him zich sich
3e froulik herself har
3e meartal themselves har
foarnamwurd oanwizend oanwizend weromwurkjend weromwurkjend

Nasaalútfal

By de Noardwestgermaanske talen foel in nasale klank wei foar beskate ploffers en wriuwlûden. Foar in lytser part barde dit ek yn de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen.

Bygelyks, de neikommende wurden hienen yn it Westgermaansk in n. (De weiwurden parten binne yn dizze tabel mei iepenings oanjûn.)

Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
fi_ve fii_f vij_f fünf
so_ft sê_ft za_cht sanft
o_ther oa__r ander ander
u_s ú_s ons uns
goo_se goe_s gans Gans

Assiblaasje

Yn de Noardwestgermaanske talen hat assibilaasje west. Dit is in lûdferskowing fan 'e 'k' en 'g' ta 'tsj' en 'dzj' of 'j', yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden.

Bygelyks, yn de neikommende foarbylden binne de skeane letters foarmen fan assiblaasje.

Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
bridge brêge brug Brücke
midge mich mug Mücke
hedge hage heg Hecke
church tsjerke kerk Kirche
chalice tsjelk kelk Kelch
cheese tsiis kaas Käse
chaff tsjêf kaf Kaff
to churn tsjernje karnen kernen
kettle tsjettel ketel Kessel
yarn jern garen Garn
yesterday juster gisteren gestern
to yield jilde gelden gelten
to forget ferjitte vergeten vergessen

Namme

De namme "Ingveonisme" komt fan de Ingvaeonen, de Noardseekustbewoaners fan Galje oant Denemark, yn de earste ieu nei Kristus, sa't dy beskreaun waarden troch de Romeinen. Der wurdt ûngelyk tocht oer dizze namme om't in ferbân mei dit folk, sa't de namme it suggerearret, hielendal net oantoand wurde kin,