Springe nei ynhâld

Sjoukje Dijkstra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jul 2004 om 03.52 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Immen foar 28 jannewaris, yn stee fan 28 juny.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Sjoukje Dijkstra (* 28 jannewaris 1942, Akkrum), folút Sjoukje Rosalinde Dijkstra, wie Olympysk kampioene keunstriden yn 1964.

Sjoukje Dijkstra is in famke fan hurdrider Luitzen Dijkstra. Se stie dan ek al jong op redens, mar it die blyken dat har talint it keunstriden wie. Doe't se alve wie gong se in pear moannen nei Londen dat se ûnder Arnold Gerschwiler treene koe.

Yn 1956 waard se tolfte op de Olympyske Spullen. Yn 1959 waard se Nederlânsk kampioene en helle se brûns op it wrâldkampioenskip. Yn helle se sulver op de Olympyske Spullen en op it wrâldkampioenskip. Mar fan doe ôf wie se op de ferplichte figueren likegoed as op de frije kuer de bêste.

Fan 1960 oant 1964 waard se fiif kear Nederlânsk en Jeropeesk Kampioene, en fan 1962 oant 1964 trije kear wrâldkampioene. (Yn 1961 gong it wrâldkampioenskip net troch.) En foar de eagen fan de keninklike famylje helle se op 2 febrewaris 1964 it goud op de Olympyske Spullen yn Innsbruck.

Om't se doe alles wûn hie wat der wie, stopte se doe mei de wedstryden. Se kaam by de iisrevu Holiday on Ice, dêr't se oant 1973 oan mei die. Dêr kaam se yn 'e kunde mei de dresseur Karl Kossmayer, dêr't se yn desimber 1975 mei troude. Tegearre krigen se twa famkes, Katja en Rosalie, dy't ek beide dresseuse wurde binne. Karl is yn desimber 2000 ferstoarn.

Sjoukje Dijkstra wie fan 1959 oant 1964 seis kear sportfrou fan it jier. Earst 4 jannewaris 2004 waard Sjoukje Kossmayer-Dijkstra yn Fryslân hulde brocht foar har gouden medalje.