Springe nei ynhâld

Stiennen Man

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 okt 2006 om 00.42 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Stiennen Man)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

thumb|De Stiennen Man. De Stiennen Man is it stânbyld mei twa hollen foar Caspar de Robles op de seedyk by Harns.

It stânbyld waard yn 1576 oprjochte troch de stêd Harns. It stie lykwols yn Barradiel, om't it op de skieding stie fan de dykstikken fan de twa partijen dy't De Robles gearbrocht hie foar de bou fan de dyk. Ien holle seach nei it súden oer it dykstik fan de Butendyksters, wylst de oare hole nei it noarden seach oer it dykstik fan de Binnendyksters. It stânbyld wie mei in soad kleur beskildere en it hier wie fergulde. It oarspronklike stienwurk is lykwols yn it earste part fan de 18e ieu nei froastskea ôfbrutsen. De oarspronklike tinkplaat waard yn de havenmuorre ynmitsele wylst de hollen opburgen waarden by de havenmaster.

De graaf fan Wassenaar Twiekel hat yn 1774 in nij stânbyld delsette litten, mei nije hollen en in kopy fan de tinkplaat. Dy hollen binne der lykwols yn 1833 by in restauraasje úthelle, om't hja skea hienen, en binne ferfongen troch brûnzen koppen. It stânbyld is yn 1895 nochris restaurearre, en nei't it plak yn 1933 oergongen wie nei Harns waard it yn 1947 nochris restaurearre. Yn 1965 is it stânbyld ôfbrutsen foar de dykferheging.

Op de nije dyk is it stânbyld op 'e nij oprjochte, dizze kear op in betonnen fuotstik, mei basalt beklaaide.

De orizjinele koppen binne úteinlik yn it Frysk Museum terjochte kaam. De orizjinele tinkplaat is fuorthelle doe't yn 1851 de haven útwreide waard, en is ek yn it museum te lâne kaam.