Springe nei ynhâld

PC 2012

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 aug 2012 om 19.49 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red.)

De PC fan 2012 waard op woansdei 1 augustus ferkeatst. It wie de 155ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

It Lotsjen

Op moandei 30 july waard de lotting hâlden yn de Koarnbeurs. De haadklassepartoeren sieten net raar ferdield, wol siet it partoer fan Olijnsma yn de boppeste 8 partoeren mei op foarhân net in soad konkurrinsje. De grutte favoriten, van der Bos c.s. soene yn de heale finale de grutste konkurrint de Groot c.s. treffe kinne.

Earste List

Yn de earste omloop wiene der net in soart ferrassings. Wol wie it sa dat de partoeren van Olijnsma en Van der Bos yn harren wedstriid tsjin earste klas partoeren it harren sels mouilik makken troch in protte fouten. Beide kamen earst ek in spul, mar wonnen úteinlik maklik. Yn de partij fan Van der Bos krigen de favoriten it publyk wat tsjin om't hja by de skiedsrjochter oanmerkings makken op it flugge útkommen fan Hendrik-Jan van der Velde op de opslach fan Van der Bos. It partoer fan Van Althuis, yn 2010 noch finalist, waard wol hiel fluch fan de list ferwidere troch it partoer fan Tolsma.

Twadde List

Heale Finale

Finale

Foar de finale wie de ferwachting dat Van der Bos c.s. wol mei it partoer fan Tolsma rêde soe. Sels hiene se yn de heale finale de tsjinstânners alle hoeken fan it fjid sjen litten, wylst it partoer fan Tolsma in drege partij hân hie. It begûn oars, it partoer fan Tolsma stie sa goed as foutleas te keatsen en krigen ek de earste earsten oan de tillegraaf. It publyk tocht al dat it partoer Tolsma maklik winne soe doe't se ek it fjirde en fyfte boardsje yn hellen. Op de stân 3-1 en 6-2 sloech René Anema de opslach fan Van der Bos underhâns boppe. Op 4-1 6-6 wie it Tolsma dy't mei in moaie tuskenynske opslach derfoar soarge dat Iseger de bal net út it perk krije koe, mar dêrnei wie it it partoer fan Van der Bos dy't weromkamen. Mei in tal boppeslaggen fan Taeke Triemstra en sitballen fan Van der Bos stiene se samar wer op 5-3. By dy stân wie it Tolsma dy't nei de kant moast foar fersoarging fanwege kramp. Doe't Tolsma, mei syn skonken hielendal yntape, wêr op it fjild kaam, koe hy dochs net mear opslaan en hat de wedstriid fierder as bolkearder meidien. Partoer van der Bos hie de gong der wat út nei de ûnderbrekking, mar pakte dochs noch wol in fjirde boardsje. Dêrnei wie it René Anema dy't by 5-4 6-2 mei in keats op de boppe de bal boppe sloech en dêrmei de oerwinning feilich stelde.

Flagge fertoaning

Foar de finale waard der in Flaggefertoaning hâlden om't Fryslân fan't jier it wrâldkampioenskip keatsen organisearret. Dêrby rûnen skoaljonges mei de flaggen fan de dielnimmende lânnen oer it Sjûkelân.

List fan dielnimmers

1 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Renze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Pier Piersma Easterlittens
2 Dirk-Yde Sjaarda Easterein
Hendrik Bouwhuis Boalsert
Jouke Bosje Baaium
3 Site Ferwerda Grins
Siebe Greidanus Wjelsryp
Rudolf Soepboer Holwert
4 Johan van der Meulen Damwâld
Folkert van der Wei Wytmarsum
Marten Feenstra Feinsum
5 Pieter Vogels Grins
Jan Sjoerd Tolsma Deinum
Steven de Bruin Tsjummearum
6 Michiel Scheepvaart Makkum
Jacob Zaagemans Warkum
Gert Jan Meekma Wytmarsum
7 Gert-Anne van der Bos Holwert
Taeke Triemstra Sint Jabik
Daniël Iseger Ljouwert
8 Haye Jan Nicolay Britsum
Hendrik Jan van der Velde Boalsert
Tjisse Steenstra Bitgummole
9 Martijn Olijnsma Hijum
Hylke Bruinsma Minnertsgea
Alle Jan Anema It Hearrenfean
10 Peter van Zuiden Tsjerkwert
Hyltje Bosma Makkum
Lennart Adema Makkum
11 Pieter Bakker Ljouwert
Karel Nijman Ljouwert
Tjibbe Hansma Mûnein
12 Bauke Triemstra Sint Jabik
Pieter Jan Plat Ljouwert
Hendrik Kootstra Minnertsgea
13 Pieter van Althuis Frjentsjer
Michel van der Veen Frjentsjer
Hans Wassenaar Tsjummearum
14 Hendrik Tolsma Goutum
René Anema Balk
Thomas van Zuiden Tsjerkwert
15 Jelte-Pieter Dijkstra Easterein
Erik Haitsma Wommels
Peter de Boer Ljouwert
16 Menno van Zwieten Peins
Sjoerd de Jong Wommels
Jacob Klaas Haitsma Sint Anne

Utslaggen

1e list
1 Jan Dirk de Groot c.s. - 2 Dirk-Yde Sjaarda c.s. 5-2 (6-3)
3 Site Ferwerda c.s. - 4 Johan van der Meulen c.s. 4-5 (0-6)
5 Pieter Vogels c.s. - 6 Michiel Scheepvaart c.s. 2-5 (2-6)
7 Gert-Anne van der Bos c.s. - 8 Haye Jan Nicolay c.s. 5-3 (6-4)
9 Martijn Olijnsma c.s - 10 Peter van Zuiden c.s. 5-2 (6-2)
11 Pieter Bakker c.s. - 12 Bauke Triemstra c.s. 3-5 (6-6)
13 Pieter van Althuis c.s. - 14 Hendrik Tolsma c.s. 0-5 (6-6)
15 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. - 16 Menno van Zwieten c.s. 5-2 (6-6)
2e list
1 Jan-Dirk de Groot c.s. - 4 Johan van der Meulen c.s. 3-5 (0-6)
6 Michiel Scheepvaart c.s. - 7 Gert-Anne van der Bos c.s. 4-5 (4-6)
9 Martijn Olijnsma c.s. - 12 Bauke Triemstra c.s. 5-3 (6-2)
14 Hendrik Tolsma c.s. - 15 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. 5-0 (6-0)
3e list
4 Johan van der Meulen c.s. - 7 Gert-Anne van der Bos c.s. 1-5 (0-6)
9 Martijn Olijnsma c.s. - 15 Hendrik Tolsma c.s. 5-5 (2-6)
finale
7 Gert-Anne van der Bos c.s. - 14 Hendrik Tolsma c.s. 4-5 (2-6)

Kening PC 2012

Thomas van der Zuiden waard mei 8 punten útroppen ta kening foar Hendrik Tolsma mei 7 stimmen.