Springe nei ynhâld

PC

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 aug 2012 om 09.55 troch B. (oerlis | bydragen) (AldeKeatsfjild is net De Bleek (boarne PC-side))
Ympresje fan de PC oan it begjin fan de 20e ieu (detail fan âlde printbriefkaart, makker ûnbekend).

De PC is de wichtichste keatspartij foar manlju, dy't sûnt 1854 alle jierren hâlden wurdt yn Frjentsjer. Tsjintwurdich nimme oan dizze partij 16 partoeren diel. Allinne troch de KNKB selektearre haadklassers en earsteklassers komme yn de beneaming om diel te nimmen oan de PC. Op dizze partij komme alle jierren sa'n 12.000 minsken ôf. De PC wurdt hâlden op de 5e woansdei fan 1 july ôf rekkene.

Skiednis

PC stiet foar de Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag dy't yn 1853 oprjochte is. De Franeker Balverkaatsersdag is gâns âlder as de PC. It is wis dat op it Alde Keatsfjild yn Frjentsjer, om 1650 hinne al keatst waard. Yn 1854 en 1855 waarden dêr ek de earste PC's hâlden. Yn 1856 ferhuze de PC nei it Sternse Slotland, better bekend as it Sjûkelân. Sûnt dy tiid wurdt de PC op dat plak hâlden. Mei it 150 jierrich bestean yn 2003 binne op it Sjûkelân in twatal tuorren pleatst. De PC krige doe ek it predikaat Keninklik.

Fan 1883 ôf wurdt út it winnend partoer fan de PC troch de keningskommisje in kening oanwiisd. It keningskip op de PC is de heechste eare dy't in Fryske keatser helje kin.

Sûnt 1854 is de PC fjouwer kear net trochgien: yn 1943 en 1944 fanwege de oarloch, yn 1866 fanwege de goalera en yn 1859 fanwege in pokke-epedemy.

Klasseminten

It Sjûkelân yn Frjentsjer.

Punteklassemint

Yn it PC klassemint aller tiden stiet Piet Jetze Faber mei 35 punten op it 2e plak, 4 punten efter de legendaryske Harnzer Hotze Schuil dy't 39 PC-punten by elkoar sloech.

Tal kearen wûn

Allinne Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Jan Reitsma sr. fan Penjum slaggen deryn de PC 9 kear op harren namme te skriuwen. Goede tredde op dizze list is Piet Jetze Faber mei 8 kear winst. Klaas Boorsma en Sjirk de Wal slagge it beide 7 kear te winnen. Folgjende op dizze list is Hotze Schuil mei 6x winst (út mar leafst 13 finale partijen). Hy moat syn plak diele mei Sake Saakstra en J.E. Bonnema.

Keningskippen

Piet Jetze Faber fan Froubuorren is wat it keningskip oanbelanget listoanfierder: hy krige 4 kear de keningsbal omhongen. Sân keatsers foel 3 kear de heechste PC-eare ta diel: Minze de Vries (Bitgum), Hotze Schuil (Harns), Teade Zijlstra (Wytmarsum), Klaas Kuiken (St. Anne), Tunno Schurer (Arum) en Lammert Scheltes Hilarides (Penjum) en Jan Reitsma sr. (Penjum).

Klaverke Fjouwer

De PC is mei de Freulepartij, de Jong Nederlânpartij, en de Bûnspartij foar senioaren ien fan de partijen dy't diel útmeitsje fan it Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't der yn slagje al dy fjouwer partijen te winnen.

PC-winners

nûmer jier winners (K = kening)
155 2012 Hendrik Tolsma, Goutum; René Anema, Balk; Thomas van Zuiden, Tsjerkwert (K).
154 2011 Gert-Anne van der Bos, Holwert; Taeke Triemstra, Sint Jabik; Daniël Iseger, Ljouwert (K).
153 2010 Gert-Anne van der Bos (K), Holwert; Taeke Triemstra, Sint Jabik; Daniël Iseger, Ljouwert.
152 2009 Gert-Anne van der Bos (K), Holwert; Folkert van der Wei, Wytmarsum; Daniël Iseger, Ljouwert.
151 2008 Jochum Bouma, Easterlittens; Auke van der Graaf, Berltsum; Douwe Groenendijk (K), It Hearrenfean.
150 2007 Johan van der Meulen, Broeksterwâld (K); Teake Triemstra, Sint Jabik; Auke van der Graaf, Berltsum.
149 2006 Johan van der Meulen, Damwâld; Teake Triemstra, Sint Jabik (K); Kor Zittema, Bitgum.
148 2005 Rutmer van der Meer, Ljouwert; Jacob Wassenaar, Minnertsgea; Chris Wassenaar, Minnertsgea (K).
147 2004 Johan Abma, Gau; Pieter Scharringa, Dronryp; Daniël Iseger, Huzum (K).
146 2003 Johannes G. Dijkstra, Huzum (K); Karel Nijman, Ljouwert; Folkert van der Wei, Wytmarsum.
145 2002 Rutmer van der Meer, Wergea; Jacob Wassenaar, Minnertsgea; Cornelis Terpstra, Minnertsgea (K).
144 2001 Pieter van Tuinen, Ljouwert; André Kuipers, Bitgummole; Chris Wassenaar, Minnertsgea (K).
143 2000 Klaas Berkepas, Aldeboarn; Dirk Jan van der Woud, Goutum; Klaas Anne Terpstra, Minnertsgea (K).
142 1999 Johan Okkinga, Arum; Sake Porte,Winsum (Gr); Auke van der Graaf, Berltsum (K).
141 1998 Johan Okkinga, Arum (K); Sake Porte, Winsum (Gr.); Auke van der Graaf, Berltsum.
140 1997 Pieter van Tuinen, Grins (K); Rinse Bleeker, It Hearrenfean; Chris Wassenaar, Minnertsgea.
139 1996 Johan Okkinga, Arum (K); Sake Porte, Grins; Pieter Tienstra, Winsum (Gr.).
138 1995 Simon Minnesma, Menaam (K); Sake Porte, Grins; Klaas-Anne Terpstra, Menaam.
137 1994 Coos Veltman, De Jouwer (K); Johannes van Dijk, Ljouwert; Hotze Rusticus, Marsum.
136 1993 Erik Seerden, Ljouwert; Rinse Bleeker, It Hearrenfean; Thomas van der Meer, Akkrum (K).
135 1992 Erik Seerden, Frjentsjer; Rinse Bleeker, It Hearrenfean (K); Thomas van der Meer, Akkrum.
134 1991 Erik Seerden, Frjentsjer (K); Rinse Bleeker, It Hearrenfean; Thomas van der Meer, Akkrum.
133 1990 Coos Veltman, Dronryp (K); Piet Jetze Faber, Froubuorren; Tunno Schurer, Frjentsjer.
132 1989 Joop Bierma; Sint Jabik (K); Sake Porte, Stiens; Hotze Rusticus, Marsum.
131 1988 Peter Rinia, Makkum; Johannes Brandsma, Seisbierrum; Tunno Schurer, Frjentsjer (K).
130 1987 Peter Rinia, Makkum; Johannes Brandsma, Seisbierrum; Tunno Schurer, Frjentsjer (K).
129 1986 Peter Rinia, Makkum; Wybren van Wieren, Marsum; Tunno Schurer, Frjentsjer (K).
128 1985 Ruurd Rutten, Winaam; Johannes van Dijk, Seisbierrum (K); Tjerk de Groot, Froubourren.
127 1984 Peter Rinia, Makkum; Wybren van Wieren, Marsum (K); Tunno Schurer, Frjentsjer.
126 1983 Sake Saakstra, Grou; Piet Jetze Faber, Froubuorren (K); Johannes Brandsma, Seisbierrum.
125 1982 Sake Saakstra, Grou; Piet Jetze Faber, Froubuorren (K); Johannes Brandsma, Seisbierrum.
124 1981 Sake Saakstra, Grou (K); Piet Jetze Faber, Froubuorren; Tjisse Wallendal, Ried.
123 1980 Sake Saakstra, Grou; Piet Jetze Faber, Froubuorren (K); Flip Soolsma, Boarnburgum.
122 1979 Sake Saakstra, Grou; Piet Jetze Faber, Froubuorren (K); Flip Soolsma, Boarnburgum.
121 1978 Sjouke de Boer, Eksmoarre (K); Klaas van Wieren, Berltsum; Wybren van Wieren, Marsum.
120 1977 Sjouke de Boer, Eksmoarre; Klaas van Wieren, Berltsum; Wybren van Wieren, Marsum (K).
119 1976 Sake Saakstra, Winsum (K); Piet Jetze Faber, Stiens; Durk Talsma, Weidum.
118 1975 Johan van Seijst, Drachten (K); Klaas van Wieren, Berltsum; Piet Jetze Faber, Stiens.
117 1974 Jarich van der Veen, Damwâlde (K); Gerrit de Jong, Snits; Flip Soolsma, Drachten.
116 1973 Sjouke de Boer, Eksmoarre (K); Wybren van Wieren, Marsum; Gerrit van der Heide, Harns.
115 1972 Piet de Jong, Wommels; Bert Rinia, Makkum (K); André Roosenburg, Frjentsjer.
114 1971 Jarich van der Veen, Akkerwoude; Gerrit de Jong, Snits; Reitse Mienstra, It Hearrenfean (K).
113 1970 Gerrit Okkinga, Arum; Klaas van Wieren; Durk Talsma, Weidum (K).
112 1969 Johan van Seijst, Frjentsjer (K); Sikke Sikkema, Frjentsjer; Johannes Westra, Ljouwert.
111 1968 Johan van Seijst, Frjentsjer; Tamme Velstra, Baard (K); Johannes Westra, Ljouwert.
110 1967 Hotze Schuil, Harns; Klaas van Wieren, Marsum (K); Johan Halbesma, Harns.
109 1966 Rienk de Groot, Ljouwert; Gerrit de Jong, Snits (K); Durk Talsma, Weidum.
108 1965 Hein Zijlstra, Deinum (K); Martinus Santema, Easterlittens; Gerrit Langerak, Snits.
107 1964 Rienk de Groot, Ljouwert; Sjoerd Heeringa, Tsjummearum; Johan Halbesma, Harns (K).
106 1963 Gerrit Okkinga, Easterein (K); Drewis Smedinga, Harns; Martinus Santema, Easterlittens.
105 1962 Gerrit Okkinga, Easterein; Drewis Smedinga, Harns (K); Sjoerd Heeringa, Tsjummearum.
104 1961 Rienk de Groot, Ljouwert; Johan Jansen, Harns; Martinus Santema, Easterlittens (K).
103 1960 J. Sijtsma, Ried; Joh. Zijlstra, Kimswert (K); D. van der Zee, Ljouwert.
102 1959 Meindert van der Weerd, Arum; Albert Rinia, Makkum; Rinnie Kuiper, Makkum (K).
101 1958 R. Hoekstra, Ternaard; Joh. Jansen, Harns (K); A. Veldkamp, Huzum.
100 1957 Jan Sijtsma, Ried (K); Albert Rinia, Makkum; Sake Faber, Berltsum.
99 1956 Marten van der Leest, Stiens; Joh. Jansen, Harns; A. Hiemstra, Ljouwert (K).
98 1955 M. van der Weerd, Arum; Joh. Zijlstra, Kimswert; W. Vlietstra, Frjentsjer (K).
97 1954 J. Stavinga, Poppenwier (K); A. Veldkamp, Huzum; S. van der Zee, Ljouwert.
96 1953 Hotze Schuil, Harns; R. Kuiper, Makkum (K); Frans Helfrich, Ljouwert.
95 1952 Hotze Schuil, Harns, (K); S. Olivier, Harns; Frans Helfrich, Ljouwert.
94 1951 Roel Hoekstra, Ternaard; P. de Haan, Holwert; H. de Haan, Holwert (K).
93 1950 M. van der Leest, Stiens (K); Th de Bruin, Ljouwert; A. Hiemstra, Ljouwert.
92 1949 L. Heeringa, Holwert (K); Hotze Schuil, Harns; W. Vlietstra, Frjentsjer.
91 1948 Marten van der Leest, Stiens (K); Th. de Bruin, Ljouwert; Sj. Helfrich, Wergea.
90 1947 Hotze Schuil, Harns (K); Æbe Haima, Doanjum; Frans Helfrich, Harns.
89 1946 Hotze Schuil, Harns (K); Æbe Haima, Doanjum; R. Reinalda, Winsum.
88 1945 K. Posthumus, Ljouwert (K); P. de Haan, Holwert; H. de Haan, Holwert.
1944 Gjin PC fanwege de oarloch.
1943 Gjin PC fanwege de oarloch.
87 1942 J. Rodenhuis, Húns (K); F. de Jager; Frans Helfrich, Harns.
86 1941 K. Kuiken, St. Anne; J. de Groot, Weidum; Sj. Helfrich, Winaam.
85 1940 M. van der Hem, Raerd; L. Seerden, Frjentsjer (K); Feite de Jager, Harns.
84 1939 Taede Zijlstra, Wytmarsum (K); IJ Kuperus, Winaam; Sj. Helfrich, Winaam.
83 1938 F. Hiddinga, Weidum; C. Kamminga, Arum (K); W. Bosma, Boalsert.
82 1937 K. Kuiken, Sint Jabik; D. de Bildt, Sint Jabik; Sj. Helfrich, Winaam (K).
81 1936 M. van der Hem, Raerd; A. Braam, Seisbierrum; W. Bosma, Boalsert (K).
80 1935 Taede Zijlstra, Wytmarsum (K); D. de Bildt, Sint Jabik; Sj. Helfrich, Sint Jabik.
79 1934 M. van der Hem, Raerd (K); H. Bogaard, Harns; K. de Jager, Harns.
78 1933 H. Knol, Harns; D. de Bildt, Sint Jabik (K); A. van Sinderen, St. Anne.
77 1932 K. Kuiken, Sint Jabik; S. A. de Haan, Berltsum; J. van der Lei, Berltsum.
76 1931 Taede Zijlstra, Wytmarsum; P. Helfrich, Harns (K); K. de Jager, Harns.
75 1930 R. Terpstra, Bitgum (K); N. Koopmans, Ljouwert; K. Kooistra, Dokkum.
74 1929 Taede Zijlstra, Wytmarsum (K); P. Helfrich, Harns; I. Jousma, Dokkum.
73 1928 I. Roukema, Wommels; D. de Jong, Wier; K. Kooistra, Dokkum (K).
72 1927 G. Koster, Dokkum (K); R. Werkhoven, Frjentsjer; S. Zijlstra, Bitgum.
71 1926 Taede Zijlstra, Wytmarsum; K. Kuiken, Sint Jabik (K); I. Jousma, Dokkum.
70 1925 Taede Zijlstra, Wytmarsum; K. Kuiken, Sint Jabik (K); I. Jousma, Dokkum.
69 1924 H. Knol, Harns; I. Roukema, Harns; K. de Jager, Harns (K).
68 1923 M. Miedema, Frjentsjer; I. Roukema, Harns (K); K. de Jager, Harns.
67 1922 Taede Zijlstra, Wytmarsum; J.IJ. Heeg, Easterein; R.R. Yetsinga, Arum (K).
66 1921 Taede Zijlstra, Wytmarsum; J.IJ. Heeg, Easterein (K); R.R. Yetsinga, Arum.
65 1920 Taede Zijlstra, Wytmarsum; I. Roukema, Harns; I. Jousma, Dokkum (K).
64 1919 J.IJ. Heeg, Easterein; A. Smidts, Frjentsjer (K); S.M. Tigchelaar, Dronryp.
63 1918 H. Westerhuis, Easterlittens (K); R. de Jong, Wommels; P. Hiemstra, Wommels.
62 1917 A. van Lierde (K); E. Hoyois; G. Herphelin; allegear út Belgje.
61 1916 R. Brink, Easterlittens (K); I. Roukema, Harns; A. van Lierde, Belgje.
60 1915 J. Jellema, Frjentsjer; S. de Vries, Harns (K); H. van Haitsma, Frjentsjer.
59 1914 R. Brink, Easterlittens; G. Hoitsma, Berltsum (K); R. Zaagemans, Wytmarsum.
58 1913 C. Werkhoven, Wytmarsum; A. Smidts, Frjentsjer (K); I. Roukema, Harns.
57 1912 R. Brink, Easterlittens; S. de Vries, Harns; S.M. Tigchelaar, Dronryp.
56 1911 Tj. W. Kooistra, Dokkum; S.A. Kooistra, Wytmarsum (K); R. Zaagemans, Wytmarsum.
55 1910 C. Werkhoven, Wytmarsum (K); S.A. Kooistra, Wytmarsum; Tj. W. Kooistra, Ljouwert.
54 1909 C. Werkhoven, (K); S.A. Kooistra; R. Zaagemans; allegear fan Wytmarsum.
53 1908 U. Tijmstra, Lemmer (K); H. Schaafsma, Arum; R. Boorsma, Wommels.
52 1907 S.A. Kooistra, Wytmarsum (K); Tj. W. Kooistra, Dokkum; M. Helfrich, Kimswert.
51 1906 C. Werkhoven, Wytmarsum; S.A. Kooistra, Wytmarsum (K); Tj.W. Kooistra, Dokkum.
50 1905 Tj.W. Kooistra, Dokkum (K); J.W. Kooistra, Dokkum; G. Terpstra, Marsum.
49 1904 P. Hovenga, Marsum (K); L. Leicht, Frjentsjer; R. Feitsma, Wommels.
48 1903 Minze de Vries, Bitgum; Jan Reitsma sr, Penjum (K); Joh. Struiksma, Wommels.
47 1902 S.A. Kooistra, Wytmarsum; Jan Kuperus, Wytmarsum (K); Joh. Struiksma, Wommels.
46 1901 Jan Reitsma, sr Penjum; Jan Kuperus, Marsum (K); M. Helfrich, Kimswert.
45 1900 Minze de Vries(K); Gerben Wassenaar; A. Groenveld; allegear fan Bitgum.
44 1899 J.D. Bierma, Sint Jabik; Jan Reitsma sr, Penjum (K); Joh. Struiksma, Wommels.
43 1898 J.D. Bierma, Sint Jabik; Jan Reitsma sr, Penjum; Joh. Struiksma, Wommels (K).
42 1897 Minze de Vries, Bitgum (K); Jan Reitsma sr, Penjum; K.P. Vonk, Bitgum.
41 1896 Minze de Vries, (K); Sj. Heslinga; K.P. Vonk; allegear fan Bitgum.
40 1895 Joh. Anema, Schingen; Jan Reitsma sr, Penjum; P.B. Yetsenga, Arum (K).
39 1894 J.D. Bierma, Sint Jabik (K); K. Leeuwen, Sint Jabik; A.L. de Vries, Berltsum.
38 1893 Joh. Anema, Schingen; Jan Reitsma sr, Penjum (K); P.B. Yetsenga, Arum.
37 1892 Joh. Anema, Schingen (K); Jan Reitsma sr, Penjum; N.S. de Boer, Penjum.
36 1891 Joh. Anema, Schingen (K); H.G. Elzinga, Holwert; C.B. van der Weg, Tzummearum.
35 1890 P.B. Yetsenga, Arum (K); Jan Reitsma sr, Penjum; T. de Jong, Penjum.
34 1889 M.G. Kooistra, Harns; W.T. Kooista, Dokkum; L.S. Hilarides, Penjum (K).
33 1888 S.G. Kooistra, Harns; M.G. Kooistra, Harns; L.S. Hilarides, Penjum (K).
32 1887 J.K. Wassenaar, Sint Jabik; Klaas W. Boorsma, Sweins; L.S. Hilarides, Penjum (K).
31 1886 Sjirk de Wal, Dronryp; Klaas W. Boorsma, Sweins (K); J.K. Wassenaar, Sint Jabik.
30 1885 Sjirk de Wal, Dronryp (K); Klaas W. Boorsma, Sweins; A. Miedema, Sweins.
29 1884 H.D. Postma, Zurich (K); M.C. Banning, Penjum; Tj. Hiemstra, Penjum.
28 1883 Sjirk de Wal, Dronryp; Klaas W. Boorsma, Zeins; A. Miedema, Sweins (K).
27 1882 W.T. Kooistra, Dokkum; M.T. Kooistra, Dokkum; R. van de Witte, Penjum.
26 1881 J.E. Bonnema, Arum; Klaas W. Boorsma, Welsrijp; Sjirk de Wal, Dronryp.
25 1880 J.E. Bonnema, Arum; Sjirk de Wal, Dronryp; J. Bruinsma, Arum.
24 1879 Tj. Hiemstra; W.P. Steensma, ; R. van de Witte; allegear fan Penjum.
23 1878 J.E. Bonnema, Arum; Sjirk de Wal, Dronryp; R. van de Witte, Penjum.
22 1877 J.E. Bonnema, Arum; Sjirk de Wal, Dronryp; Joh. Donia, Dronryp.
21 1876 Jacob Klaver, Winsum; Folkert G. Struiksma, Easterlittens; Rients P. Koopmans, Frjentsjer.
20 1875 J.E. Bonnema, Arum; J.D. Hiddinga, Winaam; R.P. Koopmans, Frjentsjer.
19 1874 J.E. Bonnema, Arum; J.T. Runia, Berltsum; Sj. Anema, Berltsum.
18 1873 D.IJ de Boer; J.D. Hiddinga; R.P. Koopmans; allegear fan Winaam.
17 1872 J.P. Hiddinga, Menaam; Klaas W. Boorsma, Sweins; A. Miedema, Sweins.
16 1871 J.P. Hiddinga, Menaam; P.P. Hiddinga, Winaam; A. Miedema, Sweins.
15 1870 D.IJ. de Boer, Tsjummearum; J.P. Hiddinga, Winaam; A. Miedema, Sweins.
14 1869 K.F. Post, Kimswert; Klaas W. Boorsma, Tzummearum; A. Miedema, Frjentsjer.
13 1868 K.F. Post, Kimswert; R. Schiphof, Berltsum; A. Miedema, Berltsum.
12 1867 K.F. Post, Kimswert; R. Schiphof, Berltsum; A. Miedema, Berltsum.
1866 Gjin PC fanwege goalera.
11 1865 D.IJ. de Boer; P.IJ de Boer; P.P. Hiddinga; allegear fan Winaam.
10 1864 J.D. Bangma, Arum; D.IJ. de Boer, Winaam; F.F. Felkers, Winsum.
9 1863 J.D. Bangma, Arum; F.F. Felkers, Winsum; P.U. Rijpma, Midlum.
8 1862 P.B. Rijpma, Penjum; R.D. IJntema, Penjum; H.F. Post, Kimswert.
7 1861 P.B. Rijpma; R.D. IJntema; P.U. Rijpma; allegear fan Penjum.
6 1860 P.B. Rijpma; R.D. IJntema; P.U. Rijpma; allegear fan Penjum.
1859 Gjin PC fanwege pokke-epidemy.
5 1858 P.B. Rijpma; R.D. IJntema; P.U. Rijpma; allegear fan Penjum.
4 1857 E.K. Boorsma; J.K. Boorsma; W.K. Boorsma; allegear fan Tsjummearum.
3 1856 Johannes F. Felkers, Wommels; Pieter F. Felkers, Winsum; Frans F. Felkers, Winsum.
2 1855 E.K. Boorsma; J.K. Boorsma; W.K. Boorsma; allegear fan Tsjummearum.
1 1854 P.B. Rijpma, Penjum; R.D. IJntema, Penjum; W.K. Boorsma, Tsjummearum.

Takomstige datums

Sjoch ek

Tema:Keatsen – Wikipedy hat ek in temaside oer it Keatsen

Keppeling om utens