Springe nei ynhâld

Wytse Hoekstra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 mrt 2019 om 20.54 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (Nije Side: '''Wytse Hoekstra''' (Baarderadiel, 26 febrewaris 1907It Hearrenfean, 21 maart 1982) wie in Nederlânsk politikus fan de Folksparti...)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Wytse Hoekstra (Baarderadiel, 26 febrewaris 1907It Hearrenfean, 21 maart 1982) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Hy waard berne as soan fan Steven Frederik Hoekstra (1872-1956; arts) en Wijke van Loon (1883-1965). Hy is ôfstudearre yn de rjochten en wie sûnt 1937 boargemaster fan syn berteplak. Yn 1942 waard hy ûntslein wêrnei't hy troch in NSB'er opfolge waard. Hoekstra wie as gizelder ynternearre yn Kamp Sint-Michielsgestel. Nei de befrijing kaam hy werom as boargemaster fan Baarderadiel en yn 1950 folge syn beneaming ta boargemaster fan Haskerlân. Hy wie dêrneist ûnder oare fisefoarsitter fan de AVRO en wie dêrfan om 1962 foarsitter. Yn maart 1972 gie Hoekstra as boargemaster mei pinsjoen en yn 1982 ferstoar hy 75-jierrige leeftyd.

Sjoch ek