Springe nei ynhâld

Familiepark Drievliet

Ut Wikipedy
Familiepark Drievliet
  ferdivedaasjepark
Yngong Drievliet (2009)
Yngong Drievliet (2009)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente De Haach
plak De Haach
adres Laan van 's-Gravenmade
koördinaten 52° 3' NB, 4° 20' EL
bysûnderheden
type attraksjepark
eigner Looping Group
iepen 1938
oerflak 8 ha
attraksjes 31
achtbanen 4
wetterattr. 2
skiednis
iepening 1938
gebou
boujier 17e iuw
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 20057
offisjele webside
webstee Drievliet
kaart
Familiepark Drievliet (Súd-Hollân)
Familiepark Drievliet
Lokaasje fan Familiepark Drievliet.

Familiepark Drievliet is in attraksjepark yn De Haach yn Súd-Hollân. Drievliet krige syn namme fanwege syn lizzing oan it knooppunt fan de Vliet nei Leien, de Haachske Trekvliet en de Delftske Vliet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bûten Drievliet yn 1769
It bûten Drievliet yn 2011

Op in kaart út 1611 fan Floris Balthasar wurdt de "bûten Drievliet" mei in grutte tún al toand. De erven fan Ysbrand van der Does, sekretaris fan Amsterdam, ferkochten de hofstede mei lân yn 1625 oan Johan van Gogh, griffier fan de Steaten-Generaal. It wie wierskynlik Van Gogh dy 't it hearehûs boude. It bûten bleau oant 1736 yn it besit fan de famylje van Gogh, doe waard it ferkocht oan widdo fan mr. Jan van der Burg, abbekaat foar it Hof van Holland. Yn 1874 kocht C.H.Th.A. Hooft Graaflant, ek eigener fan it bûten Burchvliet. Hy bleau dêr wenjen oant syn dea yn 1923.

Nei de dea fan C.H.Th.A. Hooft Graaflant fêstige de nije eigener yn it hûs in kafee, en iepene yn 1938 ek in teetún mei boarterstún. Dat die bliken in oantreklike kombinaasje te wêzen, en doe't de besikers nei de Twadde Wrâldkriich kommen bleaune, waard yn 1950 it hiele bûten oankocht. Yn 1951 pleatste de eigener in earste attraksje, de draaimûne, en waard Drievliet attraksjepark neamd. Yn de rin fan de jierren waarden ferskate attraksjes taheakke. Ien fan de âldste noch besteande attraksjes yn it park is de Monorail.

Monorail[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monorail (2012)

De monorail is de âldste monorail fan Nederlân en trochkrúst in grut part fan it attraksjepark. De baan waard yn 1968 oanlein. En waard iepene troch de boargemaster fan Rijswijk Archibald Theodoor Bogaardt. In baan fan 200 meter lang en twa oant fjouwer meter heech, stypjend op peallen. Yn ’e winter fan 2009/2010 waard it halteplak renovearre yn art nouveau styl.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL