Springe nei ynhâld

Wertheim

Ut Wikipedy


Wertheim
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Main-Tauber-Kreis
Sifers
Ynwennertal 23.196 (2022)
Oerflak 138,59 km²
Befolkingsticht. 167 ynw./km²
Hichte 145 m
Oar
Postkoade 97877
Koördinaten 49° 45' N 9° 31' E
Offisjele webside
www.wertheim.de
Kaart
Wertheim (Baden-Wuertemberch)
Wertheim

Wertheim is de noardlikste stêd fan 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg en grinzget oan Beieren. De stêd leit likernôch 70 kilometer súdeast fan Frankfurt am Main en 30 kilometer west fan Würzburg. It is de op ien nei grutste stêd fan 'e Main-Tauber-Kreis en hat foar de omlizzende gemeenten in sintrumfunksje. Sûnt 1 jannewaris 1976 is Wertheim in seanemde Große Kreisstadt, in stêd dy't in diel fan 'e taken fan 'e lânkring sels útfierd. De stêd leit op it plak dêr't de Tauber yn 'e Main mûnet.

Wertheim om 1600 hinne yn 'e Topographia Franconiae.

Wertheim is te ferdielen yn fiif stedsdielen en fyftjin doarpen. Ta de stedsdielen hearre: Bestenheid, Eichel-Hofgarten, Reinhardshof, Vockenrot en Wartberg. De doarpen (Ortschaften) binne: Bettingen, Dertingen, Dietenhan, Dörlesberg, Grünenwört, Höhefeld, Kembach, Lindelbach, Mondfeld, Nassig, Reicholzheim, Sachsenhausen, Sonderriet, Urphar en Waldenhausen.[1]

Argeologyske fynsten wize op in bewenning sûnt likernôch 5000 iuw foar Kr. en yn 'e izertiid troch Kelten. Wertheim waard nei alle gedachten yn de 7e of 8e iuw stifte.

De boarch fan Wertheim datearret út de 12e iuw, lykas ek de eardere abdij Bronnbach by it doarp Reicholzheim.

De ekonomyske bloei fan Wertheim wie eartiids fral te tankjen oan it gaadlike plak oan 'e mûning fan 'e Tauber yn 'e Main. Ek de glêsfabriken brochten de stêd wolstân.

Al sûnt de 13e iuw hie Wertheim in joadske mienskip, ien fan 'e âldsten fan it lân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fakwurk Blaue Hûs.
  • It midsiuwske stedssintrum mei fakwurkhûzen.
  • Ruïne kastiel (Altes Schloss); sûnt 1634 ruïne.
  • Protestantske stiftstsjerke (letgoatysk).
  • De goatyske Kiliaankapel.
  • De Kittsteinpoarte mei heechwettermjitter sûnt 1595.
  • It "Blaues Haus".
  • Eichel: wartsjerke (Veitskirche).
  • Dertingen: wartsjerke fan Dertingen.
  • Reicholzheim: Kleaster Bronnbach.
  • Glêsmuseum
  • Grafschaftsmuseum
  • Eichel/Hofgarten: Museum Schlösschen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.