Springe nei ynhâld

Waaier

Ut Wikipedy

In waaier is in ynstrumint om immen kuoltme mei fiele te litten. Dat hoecht net beslist troch koelere lucht te wêzen; faak wurdt troch de waaier lucht oer de hûd blaast, wêrtroch de hûd waarmte ferlearet troch it beweegjen. Sa kin belyks in hânwaaier brûkt wurde om jinsels ôf te kuollen mei lucht dy't op himsels net kâlder is as oare lucht yn de keamer.

In protte brûkt is de hânwaaier. Dy kin faak tichtkeard wurde ta in soartemint stêfke, mar iepen teard ta in healrûn - somtiden hielrûn - flak, fan fearren of fan papier, wat brûkt wurde kin en blaas jinsels koele lucht ta. It kin ek foarkomme dat de kuolte net it haaddoel is, mar dat de mûglikens de iepene siden sjen te litten it doel is, bygelyks yn dûns.

Der binne ek foarmen dy't net tearn wurde kinne, mar al mei de hân hâlden wurde kinne, as dy't grutter binne en mei in stêf beweegd wurde. Fral by searemoanjes fan in steatshaad út de tiid fòàr mechanyske kuoling, kin men faak grutte waaiers sjen. In waaier is dan net allinnich mar kuolte, mar it kin ek in symboal wêze foar bygelyks de Sineeske keizer.