Flensburch

De ferzje fan 14 jul 2012 om 16.13 troch HerculeBot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: kk:Фленсбург)
Wapen Lokaasje
Wapen fan Flensboarch Lokaasje fan Flensboarch yn Dútslân

Flensboarch (Deensk: Flensborg, Dútsk: Flensburg, Noardfrysk: Flansborj) is in stêdskrite yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Der wenje sa'n 85.750 minsken, en it is de tredde grutste stêd yn Sleeswyk Holstein.

Flensboarch, havengebiet
Flensboarch, haven

Skiednis

De stêd waard stichte yn de 13e ieu en koe him earst goed ûntjaan nei it útinoar fallen fan it Hânze-ymperium. Tusken 1460 en 1864 wie it ien fan de meast wichtige havens fan Denemark. Yn de Twadde Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 waard de stad ferovere troch Prusen. Yn 1867, by de ferkiezings foar de Noard-Dútske Ryksdei, liet de stêd in Deenske mearheid sjen. Oant it lêste diel fan de 19e ieu wie Flensboarch noch de grutste stêd fan Sleeswyk-Holstein, grutter as Kiel. Yn 1920, nei de ein fan de Earste Wrâldkriich, waard in referindum holden oer de takomstige yndieling fan it eardere Hartochdom Sleeswyk. Yn Flensboarch stimde 75% fan de ynwenners foar Dútslân, dêrmei waard de grins benoarden de stêd fêstlein.

Flensboarch wie de lêste dagen fan de Twadde Wrâldkriich de sit fan it Dútske regear; sjoch ek Flensboarchregear.

Taal

It Deensk en Dútsk binne de machtichste talen yn Flensboarch. Der is in lytse groep dy't Noardfrysk praat.

Stedsdielen

  • Altstadt
  • Engelsby
  • Friesischer Berg
  • Fruerlund
  • Jürgensby
  • Mürwik
  • Neustadt
  • Nordstadt
  • Sandberg
  • Südstadt
  • Tarup
  • Weiche
  • Westliche Höhe

Demografy

 
Befolkingsûntwikkeling fan Flensboarch


Trivia

  • Yn Flensburg waard yn 1962 troch Beate Uhse de earste sekssjop yn de wrâld iepene.
  • Yn en om de stêd binne in protte grinswinkels dy't harren rjochtsje op Deenske klanten, mar somtiden ek wol omtinken hawwe foar klanten út oare Skandinavyske lannen. Guon produkten, benammen alkoholyske dranken, binne yn Dútslân nammentlik goedkeaper as yn Denemark, hoewol't it priisferskil lytser wurden is neffens earder.