Grienskonk

De ferzje fan 6 jan 2008 om 14.41 troch Theun (oerlis | bydragen) (Snipfûgels)

Berjocht:Soart De Grienskonk (Tringa nebularia) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae).

Foarkommen

In folwoeksen Grienskonk wurdt sa'n 35 sm. grut, krekt wat grutter as de Tsjirk. De wjukspanwiidte is sa'n 70 sm en de fûgel waacht in 280 gram. De fûgel hat griisgriene poatten en in lange snaffel dy't krekt in bytsje nei boppe bûget. De boppekant fan de fûgel hat griisbrune fearren, de ûnderkant is in stik ljochter, hast wyt fan kleur. De Grienskonk kin ek swemme en dûke, dit lêst dogge se benammen at se achternei sitten wurde troch in rôffûgel.

Fersprieding

De Grienskonk libbet benammen yn ûndjip wetter sa as sompen, marren en rivieren yn it noarden fan Jeropa, útsein Yslân. By't winterdei lûke guon fûgels nei West en Súd-Jeropa, de measten oerwinterje lykwols yn de tropen.

Iten

De Grienskonk yt wjirms, kreeften en ynsekten en harren larven. Ut en troch pakt er mei syn lange snaffel ek wol lytse fiskjes út it ûndippe wetter.

Fuortplanting

De briedtiid is fan maaie oant july. It nêst is in kûltsje op de grûn mei wat plantemateriaal oanklaait. It wyfke leit fjouwer 5 sm. grutte aaien, dy't troch de beide âlden sa'n 24 as 25 dagen bebret wurde. De jongen ferlitte fuortendaliks de earste dei al it nêst.

Sjoch ek

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Grienskonk