Hjerbeam

De ferzje fan 31 mai 2013 om 20.49 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)

Hjerbeam is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, west fan Frjentsjer. It doarp hat 294 ynwenners (31 desimber 2003).

de himrik fan Hjerbeam
De tsjerke fan Hjerbeam

Tsjerke

De tsjerke komt út de Midsieuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e ieu. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkante spits, mei laaien dutsen.

Mienskip

It Doarpshûs fan Hjerbeam hjit De Punt.

Ferienings

  • Us Twadde Libben - toanielferiening

Ferneamde ynwenners

Befolking

Strjitten

Buorren, Feringastrjitte, Jan Zeinstrastrjitte, Kiestersyl, Leane, Miedleane, Paradyske, Rykswei, Siccamastrjitte, Tsjerkestrjitte.

Sjoch ek