Content deleted Content added
No edit summary
→‎Dea: sanent
Rigel 11:
== Dea ==
[[Ofbyld:Jumbo04.dead.jpg|thumb|Jumbo nei de botsing op 15 septimber 1885 yn Sint Thomas, Ontario]]
Jumbo hat fjouwer jier by it sirkus west. Doet it sirkus yn 1885 op it stasjon fan Saint Thomas yn [[Ontario]], [[Kanada]], ynladen waard yn de trein, kaam der in ekstra trein foarby. De oaljefanten dy't op de rails stienen koenen net hurd genôch fuortkomme en Jumbo waard swier rekke troch de [[Stoomlokomotyf|lokomotyf]], en stoar in pear minúten letter. Syn skelet en syn opfolle hûd, gongen noch fan [[1886]] oant [[1889]] mei mei it sirkus. Yn dat jier is it skelet fan Jumbo oan it [[Amearikaansk Museum foar Natuerlike Histoarje]] yn [[New York City]] jûn, en de opfolle hûd oan [[Tufts Universiteit]] yn [[Medford]]. It skelet wurdt hieltyd noch tentoansteld, mar de hûd is foar it grutste part ferbaarnd doe't de Barney Hall dêr't er yn stie yn [[1975]] delbaarne.
 
Dêr't Jumbo ferstoarn is yn [[1985]] in monumint delset ta syn neitins. De sportteams fan Tufts wurde noch altiten neamt efter Jumbo.
 
== Keppeling om utens ==