Jumbo

De ferzje fan 25 nov 2004 om 14.54 troch Robbot (oerlis | bydragen) (robot Erbij:de,ja)

Jumbo (* 1859, Etioopje - † 15 septimber 1885, Saint Thomas) wie de ferneamdste oaljefant ea. It is nei him dat "Jumbo" in oantsjutting foar "oaljefant" en foar "grut" wurden is.

Jonge jierren

Jumbo wie in Afrikaanske oaljefant, bêrne yn 1859, of teminsten yn 1861 fongen as twajierrige, yn de omkriten fan de Settite rivier of it Tsjaad Meer. Hy wie net folle mear as in meter heech doe't er kocht waard troch bistesamler Johann Schmidt, dy't him mei naam nei Frankryk, en him dêr ferkocht oan de Jardin des Plantes yn Parys. Yn 1865 wie er net mear as 20 sm. grutter wurden, dat hy waard ruile, tegearre mei in oare oaljefant, tsjin in noashoarn fan de London Zoo. Fan de minsken fan de London Zoo krige er de namme "Jumbo", fan it West-Afrikaanske wurd "onjamba", "in oaljefant".

Sirkus

Yn Londen waakste er folle better, en hy waard ferneamd om't er rûntsjes troch de bistetún makke mei minsken op syn rêch. Hy hie in oaljefantsit dêr't er wol sechtich bêrn op meinimme koe. Yn 1882 waard er ferkocht oan Phineas T. Barnum, ien fan de mannen efter it nije Barnum & Bailey sirkus, "The Greatest Show on Earth" ("de beste fertoaning op de wrâld"). Hy gong mei mei de omreizen fan it sirkus, en Barnum makke der in soad wurk fan dat eltsenien Jumbo koe as de kening fan de oaljefanten, grutter as eltse oare oaljefant. Yn de London Zoo wie er likernôch 3,25 meter heech west; op it lêst fan syn libben waard er omskreaun as 4 meter heech. Om him noch grutter lyke te litten rûn der somtiden in poppe-oaljefantsje mei him mei.

Dea

Jumbo hat fjouwer jier by it sirkus west. Doet it sirkus yn 1885 op it stasjon fan Saint Thomas yn Ontario, Kanada, ynladen waard yn de trein, kaam der in ekstra trein foarby. De oaljefanten dy't op de rails stienen koenen net hurd genôch fuortkomme en Jumbo waard swier rekke troch de lokomotyf, en stoar in pear minúten letter. Syn skelet en syn opfolle hûd, gongen noch fan 1886 oant 1889 mei mei it sirkus. Yn dat jier is it skelet fan Jumbo oan it Amearikaansk Museum foar Natuerlike Histoarje yn New York City jûn, en de opfolle hûd oan Tufts Universiteit yn Medford. It skellet wurdt hieltyd noch tentoansteld, mar de hûd is foar it grutste part ferbaarne doe't de Barney Hall dêr't er yn stie yn 1975 delbaarne.

Dêr't Jumbo ferstoarn is yn 1985 in monumint delset ta syn neitins. De sportteams fan Tufts wurde noch altiten neamt efter Jumbo.

Sjoch ek

http://www.city.st-thomas.on.ca/photo_jumbo.shtml