Johan Cruijff ArenA

De ferzje fan 19 mai 2012 om 16.03 troch Luckas-bot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: ro:Amsterdam ArenA)

De Amsterdam ArenA is it earste stadion in Europa dat in skodak hie. It stadion waard 14 augustus 2006 iepene as thúshaven fan fuotbalklup AFC Ajax. De fuotbalklup spilet dêr har thúswedstriden en der wurde konserten jûn. Sa'n 80.000 minsken yn it jier komme foar in rûnlieding. Doe't it stadion klear wie die bliken dat der te min deiljocht yn foel om it gers groeie te litten. Yn it earstoan waard de gersmatte om de pear moanne ferfongen, letter waarden ek spesjale lampen brûkt dy't it gers better groeie litte. It Gearkomst- en Kongressintrum is de lokaaasje foar feesten en presintaasjes.

Amsterdam ArenA
Amsterdam ArenA dakkonstruksje

De Amsterdam ArenA waard iepene yn augustus 1996, en betsjutte de oanset ta ûntwikkeling fan it Sintrumgebiet Amsterdam Súdeast. Sûnt 2008 is it nije trein-, metro- en busstasjon Amsterdam Bijlmer ArenA klear. Dit stasjon ferbynt it ArenA-gebiet met de fernijde Bijlmermeer en winkelsintrum 'De Amsterdamse Poart'.

It stadion hat 52.960 stuollen en der binne 54 skyboxen, 8 skylounges en 12 skyrooms mei yn totaal 820 stuollen? Om it stadion binne 18.000 parkearplakken. Fierders binne der 115 kamera's en is der in eigen tv-sirkwy mei 300 tv's. De grutte fideoskermen hingje mei in byldopperflak per skerm van 65 m². It útskobere dak kin yn 25 minuten tichtskoot wurde mei twa beweechbere panielen fan 37 x 190 meter. It stadion hat in grûnopperflak fan 35.000 m², wat gelyk stiet oan 4 fuotbalfjilden. De Amsterdam ArenA hat 15 roltreppen dy't besikers fluch nei de twadde ring bringe kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: