Kolosseum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: af:Colosseum
→‎Bou: frysker
Rigel 8:
== Bou ==
It Kolosseum waard boud troch de saneamde ''[[Flavyske dynasty|Flavyske keizers]]''. Mei de bou waard útein set ûnder it bewâld fan [[Fespasianus]] yn [[72]] en finansierd troch de oarlochsbût fan de plondering fan [[Jeruzalem]] yn [[70]]. Nei de foltôging yn [[80]] waard it ynwijd troch [[Titus (keizer)|Titus]]. De spullen by de iepening duorren 100 dagen. De dichter [[Marcus Falerius Martialis|Martialis]] wijde der in bondeltsje fan 33 [[epigram]]men oan. Titus syn opfolger [[Titus Flavius Domitianus|Domitianus]] liet der noch in ferdjipping op sette, en ek in oantal gongen en fertrekken ûnder de arena, dy't no sichtber binne.<br>
It waard boud op it plak dêr't it ''stagnum'', in keunstmjittich mar, lei fan [[Nero]] syn [[Domus Aurea]]. De Flavyske keizers besochten deit herinneringûnthâld oan de hate Nero út te wiskjen en de geunst fan it folk werom te winnen. De bou fan it Kolosseum krekt op it plak fan it marke, dat men droech witten hie te lizzen, paste yn dat stribjen. Boppedat sparre de kar foar dizze lokaasje in soad grûnferset, omt it mânske bouwurk grouwélige fûneminten fereaske. De mar besloech mar leafst fiif fuotbalfjilden en waard droechlein mei kanalen dy't nei de rivier de [[Tiber]] rûnen (krekt ûnder Rome).
 
Fespasianus syn amfiteater wie it ferneamdste yn de Romeinske wrâld. It waard bekend as ''Amfitheatrum Flavium'' - ôflaat fan Flavius, de famyljenamme fan Fespasianus, [[Titus (keizer)|Titus]] en [[Titus Flavius Domitianus|Domitianus]]. Tsjintwurdich is it teater better bekend as Kolosseum. Nei alle gedachten ûntliende it syn hjoeddeiske namme oan it mear as 35 meter hege byld, de [[Kolossus fan Nero]], dat neist it amfiteater stie, en net op de ôfmjittings fan it gebou, sa't ek faak beweard wurdt.