Machine Head is in Amerikaanske metalband, yn 1991 oprjochte troch Robb Flynn earder fan Vio-Lence en Forbidden. De band brocht yn 1994 syn debútalbum Burn My Eyes út. De earste fjouwer albums leveren de Machine Head in groeiende skare fans op yn Jeropa , mar de band soe pas by lettere releases sukses hawwe yn de Feriene Steaten. Machine Head hat njoggen studio-albums, twa live-albums útbrocht.

Machine Head
band
Machine Head yn 2018
Machine Head yn 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1991 – No
label(s) Roadrunner,
Nuclear Blast
âld-leden Tony Costanza drums (1991–1992) †
Logan Mader gitaar (1991–1998)
Adam Duce bass (1991–2013)
Chris Kontos drums (1992–1995)
Dave McClain drums (1995–2018)
Ahrue Luster gitaar (1998–2002)
Phil Demmel gitaar (2003–2018)
leden
Gitaar & Sang Robb Flynn
Gitaar Wacław Kiełtyka
Bas Jared MacEachern
Drums Matt Alston

Muzykstyl en ynfloeden

De muzyk fan Machine Head wurdt benammen beskreaun as groove metal, thrash metal, heavy metal en nu metal. De band is beynfloede troch Kalifornyske thrash metal bands lykas Metallica, Exodus, Slayer en Testament, tradisjonele heavy metal bands as Iron Maiden, cross-over thrashbands Suicidal Tendencies en Cro-Mags, groove metalbands Pantera, Exhorder en Fear Factory, en grungebands Nirvana, Soundgarden en Alice in Chains.

Harren iere albums Burn My Eyes en The More Things Change... litte in groove metal en thrash metal benadering sjen, ferlykber mei bands as Pantera en Exhorder. De band feroare harren muzikale rjochting foar de albums The Burning Red en Supercharger, dy 't beskreaun binne as in nu-metal. Machine Head kaam mei Through the Ashes of Empires werom nei de groove metal en thrash metal lûd fan de earste twa albums. Machine Head ferhege de kompleksiteit en technisiteit yn harren lûd foar it folgjende album, The Blackening, dat it lûd fan harren earste 5 albums foar in part feroaret ta geunste fan in mear klassyk heavy metal en thrash metal oriïntearre lûd, mei folslein komplekse songstruktueren en gitaarriffs. Unto the Locust befettet swierdere, fluggere en kompleksere riffs fan sawol Flynn as Phil Demmel, beynfloede troch klassike muzyk en stipe troch flugge en komplekse drumpartijen fan McClain. Dit is ek it earste Machine Head-album mei blastbeats.

Diskografy

Studio-albums

Album Utbrocht op Label Single(s)
Burn My Eyes 9 augustus 1994 Roadrunner Davidian,
Old
The More Things Change... 25 maart 1997 Ten Ton Hammer,
Take My Scars
The Burning Red 27 july 1999 From This Day,
Silver,
The Blood, the Sweat, the Tears
Supercharger 2 oktober 2001 Crashing Around You
Through the Ashes of Empires 16 desimber 2003 Imperium,
Days Turn Blue to Gray
The Blackening 27 maart 2007 Aesthetics of Hate,
Now I Lay Thee Down,
Halo
Unto the Locust 27 septimber 2011 Locust,
Darkness Within
Bloodstone & Diamonds 10 novimber 2014 Nuclear Blast Killers & Kings,
Now We Die
Catharsis 26 jannewaris 2018

Live-albums

Album Utbrocht op Label
Hellalive 11 maart 2003 Roadrunner
Machine Fucking Head Live 13 novimber 2012