Skalsum

De ferzje fan 3 mrt 2012 om 18.53 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (wat oer de bebouwing fan it doarp)

Skalsum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, noardeast fan Frjentsjer. It doarp hat 120 ynwenners (31 desimber 2003). De namme soe komme kinne fan "skalk" dat ûnfrije betsjut + hiem. It doarp foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjerter Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en pleatsenen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou. Foar oan de dyk, op de hoeke, stiet de mânske (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e ieu. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare sadat it liket oft de wenning fan grutte blokken natoerstien boud is.

De himrik fan Skalsum.

Oant 1939 stie der in mole yn Skalsum. East fan Skalsum stiet De Skalsumermole, in poldermole út 1801.

De bekendste bolle fan Nederlân, Sunny Boy kaam fan Skalsum.

Tsjerke

 
Eardere St. Nikolaastsjerke

De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem. De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes dêr’t in pear grutte finsters yn stean. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur is de iken preekstoel mei sniene panelen fan 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19e ieusk foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.

Mienskip

Oan de Doarpsstjitte stiet it Doarpshûs. De herfoarme tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint Nikolaas.

Ferienings

De grutste feriening fan Schalsum is keatsferiening "Ons Genoegen". De feriening telt ûngefear 40 aktive leden. De op ien nei grutste feriening is de biljertferiening.

Befolking

Berne yn Skalsum

Strjitten

Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei,, Tsjerkestrjitte, Peinserwei, Ryksstrjitwei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: