Skalsum

De ferzje fan 7 aug 2011 om 13.28 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (ôfbyld der by)

Skalsum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, noardeast fan Frjentsjer. It doarp hat 120 ynwenners (31 desimber 2003).

De himrik fan Skalsum.

De namme soe komme kinne fan "skalk" dat ûnfrije betsjut + hiem.

Oant 1939 stie der in mole yn Skalsum. East fan Skalsum stiet De Skalsumermole, in poldermole út 1801.

De bekendste bolle fan Nederlân, Sunny Boy kaam fan Skalsum.

Tsjerke

 
Eardere St. Nikolaastsjerke

De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem. De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes dêr’t in pear grutte finsters yn stean. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur is de iken preekstoel mei sniene panelen fan 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19e ieusk foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.

Mienskip

Oan de Doarpsstjitte stiet it Doarpshûs. De herfoarme tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint Nikolaas.

Ferienings

De grutste feriening fan Schalsum is keatsferiening "Ons Genoegen". De feriening telt ûngefear 40 aktive leden. De op ien nei grutste feriening is de biljertferiening.

Befolking

Berne yn Skalsum

Strjitten

Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei,, Tsjerkestrjitte, Peinserwei, Ryksstrjitwei.

Sjoch ek

Keppeling om utens