Shawnee Smith

De ferzje fan 17 mai 2012 om 18.56 troch Luckas-bot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: zh:肖妮·史密斯)

Shawnee Smith (Orangeburg (Súd Karolina), 3 july 1970) is in Amerikaansk aktrise, dûnser en sjongster fan de punk/metalband Fydolla Ho (útsprekke as Five-Dollar Whore).

Shawnee Smith

Smith ferskynde foar it earst yn films yn 1982, doe wie hja te sjen as dûnseres yn Annie. Yn 1987 briek hja troch mei in rol as de swiere tsiender yn Summer School.
Smith hat har ferneamdens fral te tankjen oan it persoanaazje Amanda Young, dy't yn de films Saw, Saw II, Saw III, Saw IV en Saw V te sjen is. Earder spile sy fan 1998 oant en mei 2004 de eigensinnige, wat domme, Linda yn de televyzjerige Becker. Smith spile fierders gastrollen yn ûnder oaren Married...with Children, Murder, She Wrote en The X-Files. Neist aktrise is sy muzikant: sy spilet gitaar, piano en drums.

Persoanlik libben

Shawnee Smith waard berne as it twadde bern fan Patricia, in onkologyferpleechkundige en Jim Smith, in finansjeel planner en eardere piloat by de US Air Force. Har âlden gienen útelkoar doe't sy twa jier wie. Har mem troude opén nij doe't Shawnee acht wie.

Smith hat twa bern: dochter Verve (1999), út har houlik mei fotograaf Jason Reposar (1998–2003) en in soan Jakson (2005), út har koarte houlik mei de muzikant Kai Mattoon (2005–2006). Verve en Jakson dienen mei yn twa nûmers op it debútalbum fan Smith & Pyle, It's OK to be Happy.

Ofbyld:Fydolla Ho.jpg
Smith yn Fydolla Ho

Filmografy

Keppeling om utens