Sintraal stasjon (Amsterdam): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Ynlieding langer makke
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Gebou
Rigel 54:
 
It stasjon telt seis perrons dy 't fia trije gongen ûnder de 15 spoaren troch (wêrfan 11 perronspoaren) berikber binne. Alle dagen telt Amsterdam Sintraal likernôch 160.000 yn- en útstappers, wêrmei't it nei [[Stasjon Utert-Sintraal]] it drokste stasjon fan Nederlân is. Reizgers kinne gebrûk meitsje fan treinen, [[metro]]'s, [[tram]]s, [[autobus|bussen]] en [[Fear (ferfier)|fearren]]. It stasjon leit op it spesjaal foar it stasjon yn it [[IJ (Amsterdam)|IJ]] oanleine [[Stasjonseilân]].
 
== Gebou ==
Cuypers de arsjitekt fan it stasjon ûntwurp ek it yn [[1885]] iepene [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]], dêr't it Sintraal Stasjon sterk op liket. yngenieur Van Gendt wie belútsen by de ûntwurpen fan alle stasjons oan de [[steatsline K]] en yn Amsterdam sels ûntwurp Van Gendt ûnder oare de [[Hollandsche Manege]], it [[Keninklik Konsertgebou|Konsertgebou]] en it [[Boargersikehûs]].
 
It stasjon is it earste stasjon yn Nederlân dat troch in ferneamde arsjitekt ûntwurpen waard. Dêrfoar wiene it faak yngenieurs en minder ferneamde arsjitekten, mar de omjouwing en oansjen fan it te bouwen pân fregen neffens de bestjoerders om in ferneamde arsjitekt. Troch de oanlis fan de spoaren en it stasjon op trije keunstmjittige eilannen yn in part fan it IJ, waard it Iepen Havenfront ôfsletten fan iepen wetter, mar sa waard wol foarkaam dat de âlde stêd trochsnien waard mei spoarlinen.
 
Oan de eastkant fan it stasjon is it Keningspaviljoen (hjoed-de-dei de [[Keninklike wachtkeamer]]) te finen, kompleet mei ynpanich parkearplak foar in koets as foar in auto. it paviljoen befettet dekoraasjes fan de hân fan keunstskilder [[Georg Sturm]], mei as tema it keningshûs en it gesach.
 
Cuypers woe mei de twa tuorren oan wjerskanten fan de kap oanjaan dat it stasjon in "nije [[stedspoarte]]" wie. It stasjonsgebou fertoant dan ek sterke gelikenis mei it yn 1885 oplevere Ryksmuseum, dat troch deselde arsjitekt oan de súdkant fan de binnenstêd boud is.
 
===útwreidings en fernijingen===
Yn de fyftiger jierren waard de stasjonshal ferboud en modernisearre. De loketten yn de hal fan Amsterdam Centraal Station; foar de ûnderskate rjochtingen hie men aparte loketten. ''Dit stie wol bekend as it oargel''. waarden ferfongen troch doe moderne loketten. Fierder kaam der yn [[1955]] in [[fuotgongerstunnel]] fan it [[VVV]]-gebouke ôf op it Stasjonsplein ûnder de wei foar it stasjon troch dy't útkaam yn de stasjonshal. Yn ferbân mei de bou fan it einstasjon fan de [[Amsterdamske Metro|metro]] ferdwûn dizze tunnel yn [[1980]]. De rydbaan soe doe dochs, yn ferbân mei in werynrjochting fan it stasjonsplein, ferfalle. It ferwiderjen fan de rydbaan dy't flak foar it stasjon del rûn wie mooglik troch trams, bussen, taksy's en auto's tenei nei de eastlike óf de westlike helte fan it stasjonsplein ride te litten. De fuotgongers (ûnder oare de rap groeiende groep toeristen) koene tenei feilich tusken dizze twa ferkearsstreamen yn rinne nei it iennige oerstekplak dat it stasjon doe fan it [[Damrak]] skiede. Yn [[2020]] is op it plak fan de âlde tunnel in nije tunnel mei roltreppen ferezen, dizze ferbynt de sintrale hal mei de sintrale metrohal ûnder it Stasjonsplein.
 
 
== Treinferbinings ==