Tachtichjierrige Oarloch

De ferzje fan 31 jan 2010 om 18.07 troch Geoffrey (oerlis | bydragen)

De Tachtichjierrige oarloch (yn de modernere skiedskriuwing ek wol De Opstân of de Nederlânske Opstân neamd) wie in oarloch tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen — it hjoeddeistige Nederlân — en Spanje dy't fan 1568 oant 1648 duorre. Nederlân krige troch dizze kriich syn ûnôfhinklikens.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


It Spaanske ryk om 1580 hinne

It begjin fan de oarloch wurdt rekkene fan de slach by Heiligerlee ôf op 23 maaie 1568 en gie - mei in ûnderbrekking fan 1609 oant 1621 (it tolvejierrich bestân) - troch oant de Frede fan Munster op 30 jannewaris 1648.

De direkte oanlieding wienen de byldenstoarm (1566) mei de dêrop folgjende ynstelling fan de Ried fan Beroerten of Bloedried (1567), de massale flecht kalvinisten nei û.o. Dútslân en de tanimmende sintralisaasje fan it Habsburgske bewâld, wêrby fral de besiking fan hartoch Alva om de Tsiende Penning ynfierd te krijen op hevich ferset stutte. Mei de stipe fan in protte útwikenne waard ûnder lieding fan prins Willem fan Oranje in leger ferwurven om it leger fan Alva te ferjagen. Yn de slach by Heiligerlee behelle de broer fan Willem, Loadewyk fan Nassau in oerwinning op de Spanjerts, mar koart dêrnei waar hy troch it Spaanske leger ûnder Alva ferslein.

De dêrop foljende set fan de opstannelingen wie it plan betinken om inkele steden te feroven. Omdat plan te realiseare stelde Willem fan Oranje him yn ferbining mei de wettergeuzen en krige ek koartstannich stipe by Karel IX fan Frankryk.


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.