Yndianereservaten, it wurd komt fan it Ingelske Indian Reservation (Feriene Steaten) of Indian Reserve (Kanada), binne stikken lân dêr't de oarspronklike bewenners fan Noard-Amearika, de Yndianen troch de Amerikaanske oerheid twongen waarden om te wenjen. De reservaten binne foaral ûntstien yn de 19e ieu as gefolch fan de koloanisearring fan it westen. It meastepart fan de reservaten leit yn de bercheftige steaten Arizona, Utah, Montana en Súd Dakota. It binne droege gebieten dêr't it min steld is mei de boaiem, wêrtroch de Yndianen ûnder it besteansminimum libje en libje moatte fan seizoenswurk en sosjale útkearings.

Yndianenreservaten yn de Feriene Steaten

Keppeling om utens