Autodyk: ferskil tusken ferzjes
L red |
red, dat soe dêrmei grif bedoeld wêze |
||
Rigel 1: | Rigel 1: | ||
[[Ofbyld:Rodovia dos Imigrantes 1.jpg|thumb|Autodyk SP 160 yn [[Brazylje]]]] |
[[Ofbyld:Rodovia dos Imigrantes 1.jpg|thumb|Autodyk SP 160 yn [[Brazylje]]]] |
||
In '''autodyk''' of in '''autogongwei'''<ref>[https://taalweb.frl/wurdboekportaal?utf8=%E2%9C%93&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=fr&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=nl&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=lemma&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=NFhwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=FNhwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=Ffwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=Jurwb&search_request%5Bq%5D=autosnelweg https://taalweb.frl]</ref> is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der [[ |
In '''autodyk''' of in '''autogongwei'''<ref>[https://taalweb.frl/wurdboekportaal?utf8=%E2%9C%93&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=fr&search_request%5Blanguage_options%5D%5B%5D=nl&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=lemma&search_request%5Bfilter_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=NFhwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=FNhwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=Ffwb&search_request%5Bword_list_options%5D%5B%5D=Jurwb&search_request%5Bq%5D=autosnelweg https://taalweb.frl]</ref> is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der [[ferkearsknooppunt]]en. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk mei net stilstien of parkearre wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk. |
||
== Gronology fan it wichtichste barren == |
== Gronology fan it wichtichste barren == |
De ferzje fan 18 jun 2021 om 19.06
In autodyk of in autogongwei[1] is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der ferkearsknooppunten. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk mei net stilstien of parkearre wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk.
Gronology fan it wichtichste barren
- 1921 - De earste autodyk waard yn Berlyn boud, dy't mar njoggen kilometer lang wie. De autodyk waard AVUS (Automobil-Verkehrs- und Übungs-Straße) neamd en wie benammen in race- en testdyk. No is it in part fan de E51 fan Berlyn nei Potsdam.
- 1923 - Waard der yn Itaalje in twadde (ek langere) autodyk fan Milaan nei Como boud.
- 1932 - Yn Dútslân waard der in tredde autodyk boud fan Keulen nei Bonn; wat no de A555 is.
- 1935 - De earste wiere autodyk tusken Frankfurt en Darmstadt is ree.
Skaaimerk
Net alle lannen brûke in autodyksymboal. Der binne hjoed de dei ek ferskillen tusken autodyk, dyk en strjitten dy't bytiden wol wat fan in autodyk hawwe. Omdat de diken yn gâns lannen oars kategorisearre wurde is der net ien boerd dat op de hiele wrâld brûkt wurde kin.
Kleur
Yn de measte lannen hawwe de autodykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.
Buorden mei in blauwe eftergrûn
|
|
*) Buorden, dy't inkeld nei de autodyk ferwize, binne dochs grien.
Buorden mei in griene eftergrûn
|
|
Maksimum faasje
Lân | Maksimum faasje (km/h) (2003) |
---|---|
Belgje | 120 |
Denemark | 130 |
Dútslân | gjin maksimum - oanrikammondearre faasje = 130 |
Eastenryk | 130 |
Finlân | 120 |
FSA | 105/112/121/129 leit oan hokker steat it is |
Frankryk | 130 |
Grut-Brittanje | 112 |
Hongarije | 130 |
Ierlân | 120 |
Japan | 100 |
Nederlân | 130 |
Portugal | 120 |
Sloveenje | 130 |
Sweden | 110 120 op de E6 |
Switserlân | 120 |
Tsjechje | 130 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |