Springe nei ynhâld

Belgje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
ik haw der "federaasje" fan makke
Rigel 21: Rigel 21:
}}
}}


'''Belgje''' (''[[Nederlânsk]]: België; [[Frânsk]]: Belgique; [[Dútsk]]: Belgien'') is in lyts lân in [[Jeropa|West-Jeropa]]. Belgje is in [[demokrasy|demokratyske]] [[monargy]] en is sûnt [[1993]] in [[federalisme|federasy]]. De steat is opdield yn [[Flaanderen]] (''Vlaanderen''), [[Walloanje]] (''Wallonie'') en it [[Stêdsregio Brussel]]. De haadstêd is [[Brussel]] (''Bruxelles''), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de [[Jeropeeske Uny]]. Sûnt 1993 is [[Albert II fan Belgje|Albert II]] [[kening (titel)|kening]] en sûnt 2009 is [[Elio Di Rupo]] [[premier]].
'''Belgje''' (''[[Nederlânsk]]: België; [[Frânsk]]: Belgique; [[Dútsk]]: Belgien'') is in lyts lân in [[Jeropa|West-Jeropa]]. Belgje is in [[demokrasy|demokratyske]] [[monargy]] en is sûnt [[1993]] in [[federalisme|federaasje]]. De steat is opdield yn [[Flaanderen]] (''Vlaanderen''), [[Walloanje]] (''Wallonie'') en it [[Stêdsregio Brussel]]. De haadstêd is [[Brussel]] (''Bruxelles''), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de [[Jeropeeske Uny]]. Sûnt 1993 is [[Albert II fan Belgje|Albert II]] [[kening (titel)|kening]] en sûnt 2009 is [[Elio Di Rupo]] [[premier]].


== Geografy ==
== Geografy ==

De ferzje fan 2 mrt 2012 om 13.21

Koninkrijk België
Royaume de Belgique
Königreich Belgien
Flagge fan Belgje Wapen fan Belgje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Belgje
Offisjele taal Nederlânsk
Frânsk
Dútsk
Haadstêd Brussel
Steatsfoarm Federalistyske demokrasy en monargy
Gebiet
% wetter
32.545 km²
6,2­%
Ynwenners (2002) 10.309.725
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 21 july
Lânkoade BEL
Ynternet .be
Tillefoan 32

Belgje (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lyts lân in West-Jeropa. Belgje is in demokratyske monargy en is sûnt 1993 in federaasje. De steat is opdield yn Flaanderen (Vlaanderen), Walloanje (Wallonie) en it Stêdsregio Brussel. De haadstêd is Brussel (Bruxelles), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 1993 is Albert II kening en sûnt 2009 is Elio Di Rupo premier.

Geografy

Lizzing

Belgje wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Polder by de Yserrivier.

Belgje wurdt fan it easten nei it westen hieltiid leger. Yn it easten binnen de Ardennen en de Hege Feanen, mei as heechste punt it Signal de Botrange. Dan it gebiet tusken de rivieren, wat net sa heech is, mar dêr't al noch hichteferskillen binne. En perslot komt yn it westen it flakke lân, mei polders yn it binnenlân en dunen oan de seekust.

Yn it easten komt de Maas út Frankryk nei it noarden it lân yn, komt by Namen gear mei de Sambre, rint dan nei it noardeasten nei Luik, en rint dan wer nei it noarden Nederlân yn. Westliker komt de Skelde by Doornik út Frankryk it lân yn, rint nei it noarden nei Gint, dan eastliker nei Antwerpen, en fan dêr nei de Nederlânske grins. Yn it westen komt de Yser út Frankryk en rint yn de omkriten fan Nijpoart yn see.

Skiednis

Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate Keltyske folken, wêr't de Menapii de wichtichste fan wiene. Letter yn de Romeinske tiid waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken Noardsee, Ryn, Seine en Marne (Súd-Nederlân, Belgje, Noard-Frankryk en parten fan West-Dútslân) meiïnoar oantsjutten as Belgae en hearde by it Romeinske ryk.

Nei it tiidrek fan de Romeinen krigen de Franken it foar it sizzen yn Belgje en yn de midsieuwen hearde it ôfwikseljend by it Frankyske ryk en Dútske ryk. De Skelde tsjinne as grins tusken beide riken. Yn de 15e ieu kaam it yn hannen fan de Habsburgers en op de ein fan de 18e ieu troch de Frânsken. Nei de nederlaach fan Napoleon yn 1815 gong Belgje op yn it Feriene Keninkryk der Nederlannen om sa in buffersteat te foarmjen tsjin Frankryk. Belgje waard yn 1830 útroppen ta in ûnôfhinklike konstitúsjonele monargy. It biedwurd fan België is iendracht makket macht. Dizze iendracht sloech yn 1830 op de feriening fan de njoggen provinsjes. Dizze njoggen provinsjewapens binne ek fertsjintwurdige yn it wapenskyld fan it lân.

De Earste Wrâldkriich begjint yn Belgje as Dútslân syn Von Schlieffenplan yn augustus 1914 útfierd. Yn de Earste Wrâldkriich waard Belje sawat hielendal beset troch Dútslân. Inkeld it gebiet efter de Izer yn West-Flaanderen koe doe ûnder Belgyske kontrôle bleauwe. It tal deade militêren oan Belgyske kant hie leger wêze kind as de hegere offisieren net ientalich Frânsk west hienen. It Belgyske regear wie nei de kriich poer op Nederlân omdat fan it Nederlânske regear, nettsjinsteande de neutraliteit, it Dútske leger oer Nederlânsk grûngebiet weromlûke mocht. Yn 1919 easke it Belgyske regear grûngebiet fan Nederlân, mar dat besykjen wie fergees. Yn 1919 krige it Belgyske folk algemien kiesrjocht, mar dat soe oant 1948 allinnich foar de manlju jilde. It Belgyske regear hie yn it ynterbellum in ryk polityk ferskaat foar oare Jeropeeske lannen oer. Belgje wie it iennichste lân dêr't sosjalisten, liberalen en katoliken meiïnoar gearwurken. Oare partijen yn it ynterbellum wienen it Vlaamsch Nationaal Verbond (Flaamsk Nasjonaal Bûn), en de Kommunistyske Partij.

Yn de Twadde Wrâldkriich kapitulearre it Belgyske leger nei achttjin dagen striid en waard it alhiel beset troch Dútslân. Yn septimber 1944 soe it grutste part troch Alliearden befrijd wurde. De spannings tusken Nederlânsktalige Flamingen yn it noarden en de Frânkstalige Walen yn it suden hawwe de lêste jierren lieden ta konstitúsjonele feroaringen. Sadwaande waard Belgje in federale steat mei trije gewesten en mienskippen.

Demografy

Befolking

Belgje hat mear as in tsien en heal miljoen ynwenners. Belgje hat trije offisjele talen:

Yn Flaanderen is Nederlânsk de offisjele taal, yn Waloanje Frânsk. Yn de haadstêdregio Brussel binne Frânsk en Nederlânsk de offisjele talen. Njonken Nederlânsk en Frânsk is Dútsk in taal dy't troch sa'n 75.000 minsken yn it easten fan Belgje praten wurdt.

Bestjoerlike yndieling

Belgje is parte yn trije dielen, it Flaamske en Waalske diel en it Brusselsk gebiet.

It hat trije gewesten:

It hat trije mienskippen:

Ferdieling fan de gewesten en mienskippen:

Provinsjes

Flaamske provinsjes
Flaamske provinsjes
  1. Antwerpen, haadstêd Antwerpen
  2. Limburch (Limburg), haadstêd Hasselt
  3. East-Flaanderen (Oost-Vlaanderen), haadstêd Gint (Gent)
  4. Flaamsk-Brabân (Vlaams-Brabant), haadstêd Leuven
  5. West-Flaanderen (West-Vlaanderen), haadstêd Brugge


Waalske provinsjes
Waalske provinsjes
  1. Waalsk-Brabân (Brabant wallon), haadstêd Waver (Wavre)
  2. Henegouwen (Hainaut), haadstêd Bergen (Mons)
  3. Luik (Liège / Lüttich), haadstêd Luik (Liège)
  4. Lúksemboarch (Luxembourg), haadstêd Aarlen (Arlon)
  5. Namen (Namur), haadstêd Namen (Namur)


  • It Brusselsk Haadsteedlik Gewest heart net by in provinsje, mar der is wol in gûverneur dy't it bewâld fiert en bestjoerlik ûnder de kening falt.

Gearwurking

Belgje is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

Ekonomy

Yn de 19e ieu wie de stiel- en koalyndystry yn Walloanje grut, wêrtroch it Frânsktalige suden ekonomysk sterker wie as Flaanderen. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stiel- en koalyndustry lytser. Yn dyselde tiid groeide de gemyske en petroaliumyndystry yn Antwerpen en Gent. Troch dy ûntwikkeling waard Flaanderen ekonomysk sterker. Hjoed de dei is neist de taal ek de ekonomy in swier polityk diskusjepunt yn Belgje.

De Belgyske Franc wie de wikselkoers tusken 1832 en 2002. Yn 2002 krige Belgje de Euro.

Belgje bard aardich wat jild yn troch it toerisme. Toeristen út de buorlannen gean faak nei de Noardseekust, de Ardennen, of komme om de âlde slachfjilden fan de Earste Wrâldkriich te sjen.

BYP per persoan is $36,200 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,1% lânbou, 24,5% yndustry en 74,4% tsjinsten.

Militêr

De Belgyske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Yn 2008 wienen der 2.407.128 Belgyske mannen fan tusken 16-49 jier wêrfan 1.973.167 fit binne foar ynset. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 64,659. 1,3 % fan it BYP (2005) is ornearre foar militêre doelen.

Transport

Wichtichste havens binne Antwerpen, Gent, Luik en Zeebrugge. Brussel hat it grutste fleanfjild fan Belgje. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Belgje hat (2006):
119.079 km ferhurde dyk.
3.536 km spoardyk.
2.043 km farwetter.

Keppelings om utens

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Belgje – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Belgium – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Belgje – geografyske en histoaryske kaarten

Berjocht:Link FA