Ingveonismen: ferskil tusken ferzjes
L robot Erbij: en, nl |
L robot Anders: nl:Ingveoonse klankverschuivingen |
||
Rigel 200: | Rigel 200: | ||
[[en:Ingvaeonic nasal spirant law]] |
[[en:Ingvaeonic nasal spirant law]] |
||
[[nl: |
[[nl:Ingveoonse klankverschuivingen]] |
De ferzje fan 29 jun 2006 om 07.27
De Ingveonismen binne in stikmannich taalkundige fernijings yn de Westgermaanske talen, dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium foardienen. Yn dizze fernijings lizze foar in grut part de ferskillen tusken de Noardwestgermaanske talen en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols al sa dat de Ingveonismen har foar in part ek oppenearre hawwe yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen. De Heechdútske talen hawwe dêrfoar gjin part oan de Ingveonismen hân.
Oersjoch
De wichtichste Ingveonismen binne:
- Ienheidsmeartal fan tiidwurden
- Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden
- Nasaalútfal
- Assibilaasje
Dêrnjonken wurde lykwols ek noch oare feroarings beskôge as Ingveonismen. Hjirûnder wurde de ferskate Ingveonismen toand út de ferskillen tusken Noarwestgermaansk Ingelsk en Frysk, Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk Nederlânsk en Súdwestgermaansk - Heechdútsk Dútsk.
Ienheidsmeartal fan tiidwurden
By de talen oars as de Heechdútske talen waarden de ferskillende ferbûgings wei fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden.
Bygelyks, de ferskate talen hawwe de neikommende persoansfoarmen foar it tiidwurd "hawwen":
|
Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden
By de Noardwestgermaanske talen waard it aparte, weromwurkjend foarnamwurd fan de tredde persoan wei, en wurdt ferfongen troch foarmen fan it oanwizend foarnamwurd.
Bygelyks, yn sinnen as "Hy wasket him.", hawwe de talen yn it iental de neikommende weromwurkjende foarnamwurden:
|
Nasaalútfal
By de Noardwestgermaanske talen foel in nasale klank wei foar beskate ploffers en wriuwlûden. Foar in lytser part barde dit ek yn de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen.
Bygelyks, de neikommende wurden hienen yn it Westgermaansk in n. (De weiwurden parten binne yn dizze tabel mei iepenings oanjûn.)
|
Assiblaasje
Yn de Noardwestgermaanske talen hat assibilaasje west. Dit is in lûdferskowing fan 'e 'k' en 'g' ta 'tsj' en 'dzj' of 'j', yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden.
Bygelyks, yn de neikommende foarbylden binne de skeane letters foarmen fan assiblaasje.
|
Namme
De namme "Ingveonisme" komt fan de Ingvaeonen, de Noardseekustbewoaners fan Galje oant Denemark, yn de earste ieu nei Kristus, sa't dy beskreaun waarden troch de Romeinen. Der wurdt ûngelyk tocht oer dizze namme om't in ferbân mei dit folk, sa't de namme it suggerearret, hielendal net oantoand wurde kin,