Springe nei ynhâld

Dwight D. Eisenhower

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dwight Eisenhower)
Dwight D. Eisenhower (1959)

Dwight David Eisenhower (Denison (Teksas), 14 oktober 1890 - Washington D.C., 28 maart 1969) wie in Amerikaansk generaal en politikus. Hy wie oerbefelhawwer fan de Alliearde striidkrêften yn Jeropa ûnder de Twadde Wrâldkriich en de 34ste presidint fan de Feriene Steaten (1953-1961).

Yn jannewaris 1944 waard Eisenhower oerbefelhawwer fan alle Alliearde troepen yn Jeropa en late de ynvaasje yn Frankryk. Yn 1950 waard er earste oerbefelhawwer fan de NATO (1950-1952). Yn novimber 1952 wûn er as Republikeinsk kandidaat de Amerikaanske ferkiezings en waard presidint. Yn 1956 waard er fannijs foar fjouwer jier keazen.